Frysk


Lektoraat Nije media en fernijende didaktyk


Sûnt septimber 2003 hat de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) in lektoraat foar  Kommunikaasjetechology en fernijende didaktyk. It lektoraat heart by it ynstitút Edukaasje en Kommunikaasje oan de NHL. Lektor is Jan Lepeltak.
It lektoraat hâldt him dwaande mei de neikommende sintrale fragen: „Wat is de mearwearde fan nije media by it aktivearjen fan learprosessen fan learlingen?”

Wurkwize


Yn in team fan experts wurkje hegeskoalledosinten gear mei studinten by it organisearjen fan pilotpojekten.

Yn it noarden fan Nederlân wurde eksperiminten oan skoallen en staazjeplakken yn gong setten. De risseltaten wurde ta beskikking steld oan  it Noordelijk Leernet (NLN) en leverje sa in bydrage oan de ûntwikling fan de (algemiene) didaktyk fan nije media. 

Gearwurking mei de sûnt jierren besteande en goed funksjonearjende netwurken fan skoallen, opliedingen en (ECNO en Cedin).